It Kokelhûs
It âldste museum fan Earnewâld
It Kokelhûs
It âldste museum fan Earnewâld
Donaasjes
It sprekt foar him dat it yn stân hâlden fan in museum jild kostet. De Stichting docht syn bêst om in soad minsken nei it museum te heljen, mar allinnich besikers kinne in museum net oerein hâlde.
Donateur wurde is hiel ienfâldich. Efkes in e-mail nei ‘Stichting It Kokelhûs fan Jan en Sjut’
(
Fansels meie jo ek in briefke stjoere nei de ponghâlder Hilde Terpstra, Mindertsfean 6, 9264 TX Earnewâld, of fia de mail nei:
As donateur meie jo altyd fergees it museum yn.
Stichting Museum It Kokelhûs fan Jan en Sjut beskikt oer in kulturele ANBI status.
Foar stipers fan kulturele ANBI's jildt in ekstra gifteôftrek. Partikulieren meie yn de oanjefte ynkomstebelesting 1,25 kear it bedrach fan de jefte ôflûke. Undernimmingen dy 't ûnder de fennoatskipsbelesting falle, meie 1,5 kear it bedrach fan de jefte ôflûke yn de oanjefte fennoatskipsbelesting.
Fia dizze link kinne jo kontrolearje oft de ynstelling in (kulturele) ANBI is.
Sa hâlde wy mei-inoar de winsk út it testamint fan Sjut oerein en wa soe dat net wolle? Hoe wie dy winsk ek al wer?
"Het is haar wil en begeerte dat haar huis en de goederen die zij daartoe wil aanwijzen blijven en in stand gehouden worden in de toekomst in de toestand waarin zij zich thans bevinden". (út it testamint fan 1955)