Vogel rechts

Duvelkeamer

Yn de tredde keamer stiet âld ark útstald, lykas dat brûkt waard troch feanarbeiders, fiskers, reidsnijers en boeren. Yn de bedsteden fine jo âld waskersark, âlde huodden (fan Sjut) en âlde kleantsjes (fan har bern).

Yn dizze keamer hat oant 1903 Cornelis Frederik Helffrich wenne, yn de folksmûle bekend as "de duvel fan Earnewâld" (de duivel van Earnewâld). Hy wie potskipper en krûdesiker.